Hat each foar dy

Ferwizers

De minsk yn syn of har krêft. Dat is ús útgongspunt. Wy sjogge nei hokker mooglikheden oft immen hat. Wat kin noch wol en wêr kinne wy mei helpe?

Jo binne in ferwizer en sykje ynformaasje om in pasjint/kliïnt te ferbinen oan Soarchgroep Hôf en Hiem. Hjirûnder fine jo in taljochting en kontaktgegevens per kategory.

Thússoarch

Soarchgroep Hôf en Hiem hat fiif thússoarchteams. Fjouwer binne aktyf yn de regio’s Balk, De Lemmer, Sint Nyk en De Jouwer. It fyfde team wurket yn Parkflat Stadsfenne yn Snits. Troch ús ekspertize binne wy yn stean om âlderen te helpen en fersoargjen fan in lichte ûndersteuningsfraach oant en mei in yntinsive soarchfraach. As der sprake is fan 24-oeren soarch fuortby biede wy in gearwurking mei ús wensoarchsintra it Folslein Pakket Thús en it Modulêr Pakket Thús. Lês ek de eksklúzjekritearia. De wykferpleechkundige fan de thússoarchteams ferfolje de begeliedende rol foar kliïnten en famylje. Sy binne te berikken fia ûndersteande telefoannûmers.

Regio BalkDanielle Nieveen06 – 25 55 04 94
 Lisanne Klomp06 – 25 74 72 29
 Hanna Leenstra06 – 25 74 72 29
Regio De LemmerMiranda Visser06 – 55 00 11 76
 Lisette Holm06 – 55 00 78 12
Regio Sint NykKarin Otter06 – 25 43 36 45
 Esther Bron 06 – 25 74 71 90
Regio De JouwerJanke de Vries06 – 52 00 76 93
 Henny van der Kooi 06 – 55 00 11 74
 Helena Zijsling 06 –  25 18 75 72
Parkflat Stadsfenne SnitsHilde Schilstra06 – 25 74 71 95
 Akkelien Adema06 – 25 74 71 75

Deibesteging

De earste stap nei it oanfreegjen fan deibesteging is it oanfreegjen fan in WMO-yndikaasje. Hjirfoar kin in kliïnt kontakt opnimme mei it sosjaal wykteam fan de gemeente. Foar mear ynformaasje oer de deibesteging kinne jo kontakt opnimme mei de wensoarchsintra.

Wensoarchsintrum Talma Hiem yn Balk0514 608 800
Wensoarchsintrum Suderigge op ‘e Lemmer0514 561 645
Wensoarchsintrum Doniahiem yn Sint Nyk0513 431 555
Wensoarchsintrum Vegelin State op ‘e Jouwer0513 412 569

Húshâldlike help

Stap ien yn it oanfreegjen fan húshâldlike help is it oanfreegjen fan in WMO-yndikaasje. De kliïnt kin hjirfoar sels kontakt opnimme mei it sosjaal wykteam. De meiwurkers fan de kliïnteregistraasje kinne jo helpe mei mear fragen oer húshâldlike help. Sy binne te berikken fia 0513 433 030.

Waarmmielservice

Ut ús eigen keukens wei bringe wy om it middeisoere hinne waarme mielen rûn foar âlderein yn de gemeente De Fryske Marren en om Parkflat Stadsfenne yn Snits hinne. Foar it ôfnimmen fan waarm iten is gjin spesjale yndikaasje nedich. In belangstellende of dy syn as har famylje kin kontakt opnimme mei de resepsje fan it wensoarchsintrum.

Wensoarchsintrum Talma Hiem yn Balk0514 608 800
Wensoarchsintrum Suderigge op ‘e Lemmer0514 561 645
Wensoarchsintrum Doniahiem yn Sint Nyk0513 431 555
Wensoarchsintrum Vegelin State op ‘e Jouwer0513 412 569
Parkflat Stadsfenne yn Snits0515 437 437

Wensoarchsintra

Wenjen mei soarch kin yn ús fjouwer wensoarchsintra yn Balk, De Lemmer, Sint Nyk en De Jouwer. De soarch yn ús wensoarchsintra falt ûnder de Wet Langduorjende soarch (WLZ) en betreft soarch sûnder behanneling. Kliïnten behâlde wol, dêr’t dat mooglik is, har eigen húsdokter. De húsdokter kin eventueel ek in Spesjalist Alderen Genêskunde ynskeakelje.

Wensoarchsintrum Talma Hiem yn BalkMyrthe de Vrij (HBO-VGG)m.devrij@hofenhiem.nl0514 608 800
Wensoarchsintrum Suderigge op ‘e LemmerBaukje Idema (HBO-VGG)b.idema@hofenhiem.nl0514 561 645
 Wensoarchsintrum Doniahiem yn Sint NykYolanda Molenmaker (HBO-VGG)y.molenmaker@hofenhiem.nl0513 431 555
Wensoarchsintrum Vegelin State op ‘e JouwerRixt de Vries (HBO-VGG i.o.)rixt.devries@hofenhiem.nl0513 412 569

Earstelineferbliuw (ELV) bêden

Yn twa fan ús wensoarchsintra is it mooglik om in pasjint/kliïnt koartduorjend op te nimmen bygelyks nei in sikehûsopname. By wensoarchsintrum Suderigge binne twa earstelineferbliuw (ELV) bêden en by wensoarchsintrum Doniahiem is ien ELV bêd.

It Triagepunt Friesland fersoarget foar Soarchgroep Hôf en Hiem de triaazje foar de ELV-bêden. It Triagepunt Friesland beoardielet oft dit in ELV (leech, heech of palliatyf) yndikaasje is. En sjocht ek oft der in WLZ-yndikaasje oanfrege wurde moat of dat it om respytsoarch giet. It loket kin yn ien eachopslach sjen wêr’t plak beskikber is en wurket ûnôfhinklik.

It Triagepunt Friesland is op ’e hichte fan ús eksklúzjekritearia.

Telefoannûmer: 088-5127777 

Mailadres: triagepunt@herstelzorg.nl 

Hawwe jo spesifike fragen oer earsteline ferbliuw yn Doniahiem of Suderigge? Jo kinne dan kontakt opnimme mei de HBO-VGG ferpleechkundigen, sjoch ûndersteand de kontaktgegevens:

Wensoarchsintrum Suderigge op ‘e LemmerBaukje Idema (HBO-VGG)b.idema@hofenhiem.nl0514 561 645
Wensoarchsintrum Doniahiem yn Sint NykYolanda Molenmaker (HBO-VGGy.molenmaker@hofenhiem.nl0513 431 555

Lytsskalich wenjen

Op fjouwer lokaasjes yn De Fryske Marren biedt Soarchgroep Hôf en Hiem lytsskalich wenjen mei spesjalistyske soarch foar minsken mei in psychogeriatryske oandwaning. Wy biede binne lytsskalich wenjen soarch mei behanneling. De bewennersgroep bestiet yn haadsaak út minsken mei in demintsjeel syktebyld. Yn oerlis biede wy maatwurk foar minsken mei oare foarmen fan net oanberne harsenletsel. Yn de lytsskalige setting krije bewenners de yntinsive begelieding en it kontakt dat sy nedich hawwe.

Lokaasjes yn it koart

De Werf yn De Jouwer is troch it rinsirkwy geskikt foar minsken mei rindriuw/bewegingsdriuw. Dizze lokaasje hat romme apparteminten mei eigen dûs en wc.

Us Hôf yn De Jouwer is in ljochte lokaasje mei in grutte tún. De apparteminten binne rom en hawwe in eigen dûs en wc. De lokaasje sels is wat minder grut fan opset, wêrtroch’t it minder geskikt is foar minderfaliden.

Us Hiem yn Sint Nyk is fanwegen de opset minder geskikt foar minsken mei rindriuw. De lokaasje hat in grutte húskeamer en in moaie belibbingsrjochte tún. De wat lytsere apparteminten hawwe allegear in eigen dûs en wc.

Cornelia Hoeve in Eastergea is in buorkerij mei frij útsjoch. De lokaasje is rom fan opset en foaral geskikt foar minsken mei in plattelâns eftergrûn. De wat lytsere apparteminten binne allegear foarsjoen fan in eigen dûs en wc.

De Werf en Ús Hof op ‘e Jouwer en Cornelia Hoeve in Eastergea

Sandra Meesters (HBO-VGG)

s.meesters@hofenhiem.nl

06 25 74 72 14

Ús Hiem yn Sint Nyk

Liang Cheng (HBO-VGG)

l.cheng@hofenhiem.nl

06 21 16 86 62

[readspeaker_widget]
3mfy4sdxun3n44w6p9jmknmkq3gg666adsgzpkadkp4qsmjqpj9awpibioqs8533ruyq5gm62z67fhpvny4gmj7tkinp9h69jxw