Folslein Pakket Thús
As jo al in moai skoft thússoarch hawwe, komt der miskien in stuit dat jo jo ôfreegje oft de soarch noch genôch is yn jo situaasje. Jo hawwe mear ûndersteuning en soarch nedich, mar ferhúzjen sjogge jo net sitten. Mei Folslein Pakket Thús (VPT) kinne jo thús wenje mei komplete soarch- en tsjinstferliening fan Soarchgroep Hôf en Hiem.
Wat is Folslein Pakket Thús?
As jo yn ’e buert wenje fan ien fan ús wensoarchsintra is der in moogliheid om thús wenjen te bliuwen mei help fan in spesjaal thússoarchpakket. It Folslein Pakket Thús is it krijen fan ferpleechhûssoarch oan hûs. Wy kinne dizze foarm fan thússoarch biede om’t wy nau gearwurkje mei ús wensoarchsintra yn de kearnen fan de gemeente De Fryske Marren. Mei de wensoarchfasiliteiten om ’e hoeke hawwe jo alle soarch en mooglikheden tichtby. Dat hâldt yn dat jo derfoar kieze kinne om alle waarme mielen troch ús fersoargje te litten en by jo thús bringe te litten. Ek kinne jo dielnimme oan de deibesteging en oare aktiviteiten.
Wannear komme jo yn oanmerking foar it Folslein Pakket Thús (VPT)?
Jo komme yn oanmerking foar it Folslein Pakket Thús as jo in yndikaasje hawwe foar de Wet langduorjende soarch (Wlz). Hoe’t jo dit oanfreegje kinne, kinne jo fierderop lêze (ûnder it kopke ‘Yndikaasje oanfreegje’),in betingst is dat der sprake is fan in ferlet fan 24-oers soarch fuortby. De soarch dy’t oan dizze yndikaasje ferbûn is, brûke jo om sa lang mooglik thús wenjen te bliuwen. As jo noch gjin yndikaasje hawwe, kinne wy dy tegearre mei jo oanfreegje. In oare wichtige betingst is dat jo yn ’e buert wenje fan in wensoarchsintrum fan Hôf en Hiem. Sa kinne wy fluch skeakelje by in soarchfraach en gearwurkje mei de tsjinsten en fasiliteiten fan it wensoarchsintrum. It Folslein Pakket Thús is ek mooglik yn Parkflat Stadsfenne yn Snits fanwegen de tsjinsten en fasiliteiten dy’t de serviceflat biedt.
Eigen rezjy
As it giet om it Folslein Pakket Thús fine wy it wichtich dat jo as kliïnt safolle mooglik jo eigen rezjy behâlde. Wat kinne jo sels? Wat kinne jo neisten foar jo betsjutte? Wêr kinne wy ûndersteune? Op dy wize hâlde jo de toutsjes sels yn hannen oer jo libben.
Spesjalisearre meiwurkers
Us thússoarchmeiwurkers binne ek spesjalisearre yn demintsysoarch. Mocht it yn ’e takomst nedich wêze, dan binne jo ek mei demintsy-relatearre klachten yn fertroude hannen by Hôf en Hiem. Hjirtroch kinne wy goed ynspylje op in feroarjende situaasje. Dêrby belûke wy ek jo neisten, sadat jo sa lang mooglik noflik en feilich thús wenjen bliuwe kinne.
Maatwurk fan thússoarch Hôf en Hiem
It Folslein Pakket Thús is net in dúdlik ôfbeakene pakket. Wy sjogge mei jo en jo neisten wat it bêste by jo past. Feroaret der op termyn wat yn jo persoanlike situaasje dat makket dat it pakket oanpast wurde moat? Dan binne wy hiel fleksibel en sjogge wy oft wy jo soarch oanpasse of útwreidzje moatte.
Oersjoch mooglikheden soarch, wolwêzen en tsjinsten
Soarch | Tsjinsten | Help |
help by persoanlike fersoarging | alle mielen by jo thús of yn it wensoarchsintrum | ûndersteuning fan de mantelsoarger |
ferpleging | individuele begeleiding | |
help by lichte húshâldlike wurkzumheden (sa as bêd rjochtlûke en/of ferskjinje, ôfwask, wc) | húshâldlike help | |
alarmknop foar akute help | aktiviteiten en deibesteging yn it wensoarchsintrum by jo yn ’e buert (ynklusyf ferfier) | |
boadskippetsjinst (wy kinne jo helpe of boadskippen foar jo helje) | ||
boadskippebudzjet fan €15,00 yn ’e moanne foar it winkeltsje yn it wensoarchsintrum by jo yn ’e buert |
Wat moat ik regelje?
As jo deroer tinke om foar it Folslein Pakket Thús te kiezen, dan kinne jo kontakt opnimme mei in wykferpleechkundige fan Hôf en Hiem Thússoarch, te berikken fia 0513-433030.
Kosten
Ofhinklik fan de hichte fan jo ynkommen en fermogen betelje jo in eigen bydrage foar it Folslein Pakket Thús. It Sintraal Administraasje Kantoar (CAK) kin jo ynformearje oer dizze bydrage. Op de webside hetcak.nl kinne jo fuortdaliks de hichte fan jo eigen bydrage berekkenje (litte).
Wat falt net binnen it Folslein Pakket Thús?
- Kosten dy’t te krijen hawwe mei jo wenning binne foar eigen rekkening (bygelyks hier, hypoteek, ûnderhâld en enerzjyrekkening);
- Jo hâlde gewoan de basissoarch fan jo eigen húsdokter en apoteek;
- Jo kinne terjochte by de gemeente foar helpmiddels of wenningoanpassingen (Wmo) of jo soarchfersekerder foar fergoeding fan basis medyske en toskhielkundige soarch of helpmiddels dy’t net fia de Wmo of Hôf en Hiem ferstrekt wurde.
Jo kinne ek hjir de folder fan Folslein Pakket Thús downloade.
Mear ynformaasje?
Hawwe jo noch fragen, wolle jo neier yn ‘e kunde komme mei de mooglikheden fan it Folslein Pakket Thús of ha jo help nedich by de oanfraach fan jo yndikaasje?
Nim gerêst kontakt op mei in wykferpleechkundige fan Hof en Hiem Thússoarc fia 0513 – 43 30 30. Dit is it algemiene nûmer foar alle regio’s. Wy helpe jo persoanlik om sa fluch mooglik kontakt te krije mei de júste wykferpleechkundige yn jo regio.
Jo kinne ek in berjocht stjoere nei vpt@hofenhiem.nl.
Yndikaasje oanfreegje
It Folslein Pakket Thús falt ûnder de Wet langduorjende soarch (Wlz).
Dêrfoar ha jo in yndikaasje fan it Sintrum yndikaasjestelling soarch (CIZ) nedich. It oanfreegje fan in yndikaasje kinne jo dwaan troch kontakt op te nimmenn mei it CIZ fia ciz.nl. De wykferpleechkundige kin jo dêr ek by helpe. Wannear in yndikaasje is ôfjûn nimt de wykferpleechkundige al jo persoanlike winsken en ferlet troch mei jo en jo neisten, as jo dat winskje. Wy stelle in pakket mei-inoar gear, wat op jo is ôfstimd.