Húshâldlike help
In helpende hân by it stofsûgjen of ôfstofjen is krekt wat jo nedich hawwe. Tegearre derfoar soargje dat jo hûs kreas en skjin bliuwt. Want yn in skjin hûs fiele jo jo nofliker.
Wat is húshâldlike help?
Wy besprekke mei jo by hokker taken jo ûndersteuning yn it húshâlden brûke kinne. Wy kinne jo helpe by it oprêden en skjinmeitsjen fan jo wenning. Us help rjochtsje wy yn sa’t dat foar jo goed fielt. As jo situaasje dêrom freget, kinne wy jo ek folslein helpe by it op oarder hâlden fan jo hûs.
Wy kinne jo ûnder mear helpe by:
- stofsûgjen
- striken
- ôfwaskjen
- opromjen
- bêd opmeitsjen
Kosten en yndikaasje
De gemeente fergoedet húshâldlike help út de Wet maatskiplike ûndersteuning (Wmo). As jo Help by it húshâlden fan Hôf en Hiem ha wolle, moatte jo earst in yndikaasje oanfreegje. Dat kinne jo dwaan troch kontakt op te nimmen mei it sosjaal wykteam. Sy soargje derfoar dat jo de help krije dy’t jo nedich hawwe.
Yndikaasje oanfreegje
Foar it ûntfange fan húshâldlike help kin in yndikaasje nedich wêze. Jo kinne in yndikaasje oanfreegje by it sosjaal wykteam yn de gemeente wêr jo wenje.
* Sosjaal wykteam gemeente De Fryske Marren: telefoannûmer: 140514 (sûnder kengetal)
* Sosjaal wykteam gemeente Súdwest Fryslân: telefoannûmer: 0515 – 48 90 00
Mear ynformaasje
Jo kinne kontakt opnimme mei Soarchgroep Hof e Hiem fia telefoannûmer 0513 – 433030 of fia clientenregistratie@hofenhiem.nl. Wy helpe jo graach fierder!