Heeft oog voor u

Hof en Hiem stipet de Fryske taal mei Fryske webside

Op tongersdei 2 maaie wurd de Fryske webside fan Soarchgroep Hof en Hiem lansearre. Efter it skerm is de ôfrune tiid hurd wurke om dit foar mekoar te krije. De soarchgroep is begûn dit inisjatyf om’t se it stypje fan it Fryske taalgebrûk yn ‘e regio tige wichtig fynt. En ek dêrmei temjitte komme wol oan de groep minsken dy’t graach yn de eigen taal lêze.

De Fryske taal stypje yn de regio
Soarchgroep Hof en Hiem hat har woartels yn de gemeente De Fryske Marren. De wensoarchsintra ha neist in wenfunksje ek in sosjale funksje foar de dorpen. Ek in protte meiwurkers fan Hof en Hiem komme ut ‘e buert. It Frysk spilet noch altiid in grutte rol yn it libben fan ‘e kliinten, bewenners en meiwurkers. Om tamjitte te kommen oan en om de taal bliuwend te stypje, hat de soarchgroep no har grutske kommunikaasjemiddel útwreide mei de Fryske taal. Mei tanksizzen oan de Provinsje Fryslân, foar de subsydzje dy’t Hof en Hiem krigen hat, koe starten wurde mei dit project.

[readspeaker_widget]
Kliïntynformaasje
Ferwizers
Oer ús
3mfy4sdxun3n44w6p9jmknmkq3gg666adsgzpkadkp4qsmjqpj9awpibioqs8533ruyq5gm62z67fhpvny4gmj7tkinp9h69jxw