Hat each foar dy

Suggestjes en klachten

As jo gebrûk meitsje fan de soarch en tsjinsten fan Soarchgroep Hôf en Hiem dan kin it soms foarkomme dat wat net (mear) oan jo ferwachtings foldocht of dat it oars giet as dat jo wend binne. It is dan noflik om deroer te praten. Dat kin mei immen yn jo eigen omjouwing, mar dat kin ek mei in ûnôfhinklike kliïntfertrouwenspersoan. Oerwaagje jo om in klacht yn te tsjinjen? Dan kinne jo ek in petear oanfreegje mei in ûnôfhinklike klachtefunksjonaris fan Soarchbelang Fryslân.

Jo ûnderfiningen mei ús tsjinstferliening binne foar ús tige wichtich. Dêrom hearre wy graach de ûnderfiningen fan jo of jo neiste. Dit kinne fansels likegoed positive as negative ûnderfiningen wêze. Hawwe jo it gefoel dat in klacht yntsjinje miskien te swier is? Dan kinne jo dochs kontakt mei de klachtefunksjonaris opnimme. In petear oanfreegje hoecht net fuortdaliks te lieden ta it yntsjinjen fan in offisjele klacht. Wol kinne jo de klacht mei har besprekke en sjen nei mooglike oplossingen as jo dat wolle.

Wat te dwaan as jo in klacht hawwe?

As jo ferwachting fan ús soarch- en tsjinstferliening net útkomt, jo in klacht hawwe en dêr graach kontakt oer ha wolle, dan hearre wy dat graach. Want dat jout gelegenheid om in oplossing te finen. Wy hawwe in dokumint makke hoe’t wy mei klachten omgean. Hjir lêze jo de offisjele klachteregeling fan Soarchgroep Hôf en Hiem.

Hjirûnder jouwe wy koart oan wat jo dwaan kinne as jo in klacht hawwe of earne net tefreden oer binne:

Prate mei dejinge dy’t it oangiet

Wy wolle graach dat jo jo frij fiele om de dingen te besprekken mei de minsken dy’t derby belutsen binne. Faak blykt in misferstân de oarsaak fan de klacht. In petear kin soms alles fuortdaliks oplosse. Mar wy beseffe ek dat dit net altyd slagget, om hokker reden dan ek. As dat it gefal is, dan kinne jo ek kontakt sykje mei de ûnôfhinklike klachtefunskjonaris.

Unôfhinklike klachtefunksjonaris

De ûnôfhinklike klachtefunskjonaris fan Soarchbelang Fryslân is der om jo te helpen jo ûnderfining by Hôf en Hiem bekend te meitsjen. It begjint mei in fertroulik petear. Tegearre sjogge jim nei wat de bêste wize is om dat te dwaan. It doel is dat der in oplossing komt dêr’t alle belutsenen mei fierder kinne. Nim gerêst frijbliuwend kontakt mei har op. Dat kin telefoanysk, oer de mail of mei in brief.

Geskillekommisje

Yn it ramt fan de klachteregeling is Hôf en Hiem oansluten by de Geskillekommisje Ferpleging, Fersoarging en Bertesoarch. De klachtefunksjonaris kin jo hjir mear oer fertelle.

Contactformulier

    [readspeaker_widget]
    3mfy4sdxun3n44w6p9jmknmkq3gg666adsgzpkadkp4qsmjqpj9awpibioqs8533ruyq5gm62z67fhpvny4gmj7tkinp9h69jxw