Hat each foar dyn wurkplezier

Wurkje en leare

Do sjochst dyn meiminsk

Do wolst wêzentlik wat foar immen betsjutte. Do wolst kontakt mei oaren meitsje en har oprjochte oandacht jaan. Minsken ûndersteune dochst graach. Yn it bysûnder fielst affiniteit mei âlderein. Sjochst har! Wat kin noch wol? Dat is dyn motto. Al giet it net mear sa maklik as eartiids, do helpst âlderein sa ticht mooglik by harsels te bliuwen. Dit is wêrom’t Soarchgroep Hôf en Hiem bestiet.

Wy sjogge dy!

Wy sjogge âlderein, gean neist har stean en harkje nei wat sy nedich hawwe. Om dat realisearje te kinnen, soargje wy ek goed foar dy. Hjir witte wy wa’tst bist. Wy sjogge dy! Fertel ús watst nedich hast om dyn wurk goed te dwaan. Wy binne iepen en belutsen. Sa kinst ús goed kennen leare en wy dy. Mei-inoar meitsje wy ôfspraken dy’t passe by dyn persoanlike situaasje of leeftydsfaze. Wy leauwe deryn datst dêrtroch de soarch en oandacht jaan kinst oan ús âlderein dy’t sy fertsjinje.

It goede plak foar dy

Wa bisto? Wêrfan makket dyn hert in spronkje? Dat wolle wy graach witte om derefter te komen wêr’t dyn talinten en ambysjes lizze. Op dizze wize kinne wy mei-inoar ûntdekke wêr’tsto it meast bliid fan wurdst. Past goed yn in bepaalde regio en is dit binne de thússoarch, lytsskalich wenjen of wensoarch? Of miskien in kombinaasje dêrfan.

Hôf en Hiem as wurkjouwer

Ast by Hôf en Hiem wurkest, dan kinst rekkenje op in fleksibele en betroubere wurkjouwer dy’t útdaging biedt. Wat Soarchgroep Hôf en Hiem typearret binne de koarte linen. Wy kenne elkoar en kinne dêrtroch fuortdaliks skeakelje. Wy wurkje alle dagen oan optimalisaasje fan soarch en de prosessen dêromhinne, sadat alle mooglike tiid en oandacht nei ús âlderein giet. Do krijst it fertrouwen om my dyn kennis en kunde it bêste te dwaan foar âlderein binnen dyn profesjonele ferantwurdlikens. As meiwurker krijst folop gelegenheid dy te ûntwikkeljen mei fakrjochte opliedingen en treningen. Wy hawwe sels ús eigen Hôf en Hiem Akademy! Hast in fyzje op in bepaald ûnderwerp? Dat wurdearje wy enoarm! Wurdt lid fan de Ferpleechkundigen en Fersoargjenden Advysried (VVAR) of doch mei oan wurkgroepen, kommisjes en ferskate oerlisfoarmen.

De organisaasje

Soarchgroep Hôf en Hiem is in stabile, foarútstribjende organisaasje dy’t soarch en help biedt yn fjouwer wensoarchsintra, yn fjouwer lytsskalige wenfoarmen yn de thússituaasje yn de gemeente De Fryske Marren en Snits. Hôf en Hiem stiet letterlik en figuerlik midden yn ’e leefmienskip en makket dêr graach diel fan út. Lês mear oer ús organisaasje op de side Oer ús.

Sekundêre arbeidsbetingsten

Hast in nije laptop of tablet nedich foar thús? Of miskien plannen om in nije fyts oan te skaffen? As meiwurker fan Hôf en Hiem kinst gebrûk meitsje fan ferskillende (fiskaal) foardielige regelingen.

 

[readspeaker_widget]
3mfy4sdxun3n44w6p9jmknmkq3gg666adsgzpkadkp4qsmjqpj9awpibioqs8533ruyq5gm62z67fhpvny4gmj7tkinp9h69jxw