Heeft oog voor u

Bestjoer, management en tafersjoch

As bestjoersmodel hantearret Soarchgroep Hôf en Hiem it ried fan tafersjoch/ried fan bestjoersmodel. By it opstellen fan de statuten en regleminten hantearje wy de Zorgbrede Governance Code as útgongspunt.

Bestjoer en management

De direkteur-bestjoerder John van Arnhem is einferantwurdlik foar en belêste mei it bestjoeren fan de stifting. Hy is ferantwurdlik foar de realisaasje fan de doelstellingen fan Soarchgroep Hôf en Hiem, de strategy en it belied en de dêrút wei kommende resultateûntwikkelingen. Dêrneist falt de kwaliteit en feilichheid fan ’e soarch ek ûnder syn ferantwurdlikheid. De direkteur-bestjoerder leit hjiroer ferantwurding ôf oan de ried fan tafersjoch. Fierder stjoert de direkteur-bestjoerder it sintraal management team (CMT) oan. It CMT bestiet – neist de direkteur-bestjoerder – út: twa regiomanagers en de manager sintraal buro en fasilitêr bedriuw.

Ried fan Tafersjoch

It bestjoer stiet ûnder tafersjoch fan in ried fan tafersjoch. Dizze ried hâldt tafersjoch op it belied en it funksjonearjen fan de direkteur-bestjoerder en hat in oantal statutêre foegen. Ek fungearret sy as klankboerd foar de bestjoerder as it giet om aktuele ûntwikkelingen en strategyske takomstplannen. Hoe’t de Rie fan tafersjoch dat docht, lêze jo hjir.

De ried fan tafersjoch bestiet út fiif persoanen. Dizze persoanen hawwe allegear in ferskillende, foar Soarchgroep Hôf en Hiem maatskiplik relevante, profesjonele eftergrûn. Behalve harren lidmaatskip fan ’e ried, binne sy fierder op gjin inkele wize ferbûn mei Soarchgroep Hôf en Hiem.

 

[readspeaker_widget]
3mfy4sdxun3n44w6p9jmknmkq3gg666adsgzpkadkp4qsmjqpj9awpibioqs8533ruyq5gm62z67fhpvny4gmj7tkinp9h69jxw