Hat each foar dy

Kliïnteried

Meisizzenskip fine wy by Soarchgroep Hôf en Hiem hiel wichtich. It is foar jo as kliïnt folle nofliker as der mei jo beslissingen makke wurde, yn stee fan oer jo. Kliïnten en harren fertsjintwurdigers krije dêrom de mooglikheid diel út te meitsjen fan de lokale kliïnteried. Dizze ried behertiget de belangen fan de kliïnten fan de wensoarchsintra en fan Hôf en Hiem Thússoarch. De belangen fan de bewenners fan lytsskalich wenjen Cornelia Hoeve, De Werf, Us Hiem en Us Hôf wurde behertige troch famyljeleden yn de saneamde famyljeried.

De foarsitters fan de lokale kliïnteried komme op syn minst fjouwer kear yn it jier byinoar yn de sintrale kliïnteried. Foarsitter fan de sintrale kliïnteried is de hear Roelof Oeben. Hy is ûnôfhinklik en hat fierder gjin bannen mei Hôf en Hiem. De kliïnte- en famyljeriedsleden advisearje frege en net-frege oan it bestjoer en management fan Hôf en Hiem. Se sjogge mei fanút de maatskiplike belangen fan de kliïnt en tinke mei oer alderlei saken wat de soarchferliening fan Hôf en Hiem oanbelanget.

It meast resinte jierferslach fan de sintrale kliïnteried fine jo hjir.

 

[readspeaker_widget]
Kliïntynformaasje
Ferwizers
Oer ús
3mfy4sdxun3n44w6p9jmknmkq3gg666adsgzpkadkp4qsmjqpj9awpibioqs8533ruyq5gm62z67fhpvny4gmj7tkinp9h69jxw