Hat each foar dy

Thússoarch

De stoel dêr’t jo graach yn sitte, de listjes oan de muorre en it útsicht út it rút. Jo eigen fertroude omjouwing is jo thús. Op dit plak wolle jo graach wenjen bliuwe. As jo âlder wurde kin it wêze dat der in momint komt dat jo it gefoel hawwe dat it net mear sa giet as dat jo wend wiene. Bygelyks it fan ’t bêd kommen of dûsen. Jo sjogge, mei jo neisten, oft der oplossingen binne om jo deistige dingen sels dwaan te bliuwen. As de oplossingen net mear foldwaande binne kin ûndersteuning troch thússoarch jo helpe sadat jo noflik thús wenjen bliuwe kinne.

Hôf en Hiem Thússoarch is wurksum yn de regio’s Balk, De Lemmer, Sint Nyk en De Jouwer. Yn Parkflat Stadsfenne yn Snits is ek in thússoarchteam fan Hôf en Hiem. Dit binne de útgongspunten fan Hôf en Hiem Thússoarch. Wy wurkje dêrneist safolle mooglik gear mei jo neisten of mantelsoarger(s) en jo húsdokter of spesjalist. Dêrút wei kinne wy ús ûndersteuning oan jo sa goed mooglik ynrjochtsje.

Modulêr Pakket Thús en Folslein Pakket Thús

Binne jo al yn soarch by Hôf en Hiem Thússoarch dan hâlde wy tegearre mei jo jo sûnens goed yn ’e gaten. As jo feroaringen fernimme kinne jo dit mei ús beprate. Ek binne ús thússoarchteams fan ferpleechkundigen en fersoargjenden alert op feroaringen yn jo sûnens. Wy oerlizze mei jo oft der oanpassingen nedich binne yn de ûndersteuning dy’t jo ûntfange. Under bepaalde betinsten is it mooglik om soarch oan hûs te ûntfangen dy’t jo gewoanwei yn in wensoarchsintrum krije soene. Der binne ferskillende mooglikheden dy’t oersichtlik makke binne yn in pakket. Nei it ferkrijen fan in yndikaasje foar in wensoarchsintrum (Wet langduorjende soarch) kinne jo kieze foar it hiele pakket oan mooglikheden (Folslein Pakket Thús) of in diel dêrfan (Modulêr Pakket Thús).

Thússoarch oanfreegje en kosten

De wykferpleging – fersoarging en ferpleging – falt ûnder de Soarchfersekeringswet (Zvw) en dêrtroch hoege jo foar de fersoarging en ferpleging gjin eigen bydrage te beteljen. Us wykferpleechkundigen dogge sels de yntake en yndisearje jo soarchfraach. Ek jo húsokter, spesjalist en sikehûsferpleechkundige kin de soarch by ús wykferpleechkundige oanfreegje. As jo thússoarch oanfreegje wolle, kinne jo belje of in e-mail stjoere nei it thússoarchteam yn jo regio.

Foar soarch neffens it Folslein Pakket Thús en it Modulêr Pakket Thús hawwe jo in yndikaasje nedich fanút de Wet Langduorjende Soarch. Lês mear oer it oanfreegjen fan in thússoarch yndikaasje en oer de bekostiging fan thússoarch.

 

[readspeaker_widget]
3mfy4sdxun3n44w6p9jmknmkq3gg666adsgzpkadkp4qsmjqpj9awpibioqs8533ruyq5gm62z67fhpvny4gmj7tkinp9h69jxw