Hat each foar dyn wurkplezier

Learwurktrajekt BBL-oplieding

Minskemins, dat is watsto bist. Oaren helpe en ûndersteune, dêr krijsto in goed gefoel fan. Miskien rinst der yn dyn hjoeddeistige wurk tsjinoan datst te min takomst oan de minslike kant of diest earder wurk yn ’e soarch, mar bist hjirmei opholden. By Soarchgroep Hôf en Hiem kinst de oerstap meitsje nei de âldereinsoarch of thúsoarch troch it folgjen fan in learwurktrajekt (beropsbegeliedende learwei). Wy liede dy dan op ta profesjonal yn de âldereinsoarch méi baangarânsje.

Oplieding Fersoargjende IG of Maatskiplik Fersoargjende IG

Fan weryntreder oant karriêreswitsjer, elkenien krijt de kâns op in loopbaan yn ’e soarch troch ús BBL-opliedingsplakken. Elk jier start der in nije groep entûsjaste learlingen oan de oplieding ta (Maatskiplik) Fersoargjende IG. Wat past by dy? Wurkje yn in wensoarchsintrum of lytsskalich wenjen foar âlderein mei demintsy. Of bist leaver op paad? Dan bisto miskien wol in thússoarchmeiwurker yn ’e dop.

Opliedingsynformaasje

As learling (Maatskiplik) Fersoargjende IG wurdst fia de beropsbegeliedende learwei (BBL) yn twa jier oplieden. BBL is in kombinaasje fan wurkjen en nei skoalle gean, dêr’t de klam by leit op wurkjen en learen yn de praktyk. De kompetinsjes dy’t passe by it wurkjen yn de âldereinsoarch ûntwikkelest yn de praktyk. De wyklikse lessen dy’tst folgest binne ôfwikseljend sawol fysyk as online en wurde fersoarge troch Firda.

Kinst rekkenje op goede begelieding fan ús soarchprofesjonals om stap foar stap te learen hoe’tst de kliïnten de goede soarch, begelieding en wolwêzen biede kinst. Wy gean altyd út fan wat de kliïnt sels noch kin. Do learst de ûndersteunende rol te pakken om de kliïnt dêrby te helpen.

De learlingen yn de Thússoarch folgje de BBL-oplieding Fersoargjende IG. De learlingen dy’t oan de slach gean yn de wensoarchsintra en lytsskalich wenjen starte mei de BBL-oplieding Maatskiplik Fersoargjende IG. De oplieding Maatskiplik Fersoargjende IG is in kombinaasje fan de opliedingen Fersoargjende IG en Meiwurker Maatskiplike Soarch (beide op nivo 3). Ast de oplieding mei goed gefolch folbrocht hast, beskikst oer twa diploma’s: in diploma Fersoargjende IG en in diploma Maatskiplike Soarch.

Wy freegje

  • affiniteit mei soarch;
  • hast in foaroplieding minimaal MAVÛ, VMBÛ KL/TL, MBÛ nivo 2 of gelykweardich diploma;
  • hast in aktive hâlding, meist graach leare en bist motivearre om dysels ûntwikkeljen te bliuwen;
  • datst goed omgean kinst mei de kompjûter, ynteret en e-mail;
  • hast in rydbewiis en in auto hawwe is in pré (yn ’e thússoarch);
  • hast in jildige VOG (ferklearring omtrint gedrach) of bist ree dy oan te freegjen. De kosten fan in oanfraach wurde fergoede troch Hôf en Hiem.

Wy biede

  • yn ’e tiid fan ’e oplieding krijst in leararbeidsoerienkomst fan minimaal 24 en maksimaal 30 oeren (ôfhinklik fan dyn foarkar en de lokaasje/thússoarch);
  • giest ien dei yn ’e wike nei skoalle en krijst hjir 6 oeren lestiid foar fergoede. Dêrneist bist thús ek dwaande mei it tarieden fan de lessen en it meitsjen fan opdrachten;
  • in salaris konfoarm CAO VVT ûnder de oplieding; fwg 35;
  • folsleine fergoeding fan it kolleezjejild en de stúdzjeboeken;
  • baangarânsje foar ûnbepaalde tiid by ien fan de lokaasjes of thússoarch fan Hôf en Hiem, nei it heljen fan it diploma (Maatskiplik) Fersoargjende IG.

Hast in goed gefoel?

Dan ûntfange wy graach dyn motivaasjebrief (mei CV) fia ûndersteande knop dêr’tst yn oanjoust oftst foarkar hast foar wurkjen yn de thússoarch of foarkar hast foar it wurkjen yn in wensoarchsintrum en lytsskalich wenjen. Sadree’t dyn sollisitaasje troch ús ûntfongen is, nimme wy kontakt mei dy op om te sjen nei de mooglikheden.

Wolst graach mear witte?

Foar mear ynformaasje oer it learwurktrajekt kinst kontakt opnimme mei Hilde van Nijen of Janneke Gietema (opliedingsadviseurs) fia telefoannûmer 0513-433030. In e-mail stjoere mei fansels ek, nei h.vannijen@hofenhiem.nl of  j.gietema@hofenhiem.nl.

 

[readspeaker_widget]
3mfy4sdxun3n44w6p9jmknmkq3gg666adsgzpkadkp4qsmjqpj9awpibioqs8533ruyq5gm62z67fhpvny4gmj7tkinp9h69jxw