Hat each foar dy

Undernimmingsried

Meisizzenskip is binnen Hôf en Hiem in wichtich ûnderwerp. De ûndernimmingsried is de stim fan de meiwurkers fan Hôf en Hiem. Dêr’t it giet oer arbeidskontrakten en arbeidsomstannichheden behertiget de ûndernimmingsried de belangen fan de meiwurkers. Frege en netfrege advisearret sy de bestjoerder oer saken dy’t fan tapassing binne op meiwurkers.

Foegen

De wichtichste foegen fan de ûndernimmingsried binne:

  • ynstimmingsrjocht oangeande sosjaal belied
  • advysrjocht oangeande finansjele/ekonomyske saken
  • inisjatyfrjocht om foarstellen te dwaan
  • ynformaasjerjocht

De ûndernimmingsried is gearstald út fertsjintwurdigers fan alle wensoarchsintra fan Hôf en Hiem. Elke twa jier binne der (diel)ferkiezings. Meiwurkers hawwe likegoed passyf (ferkiesber stellen) as aktyf (stimme) kiesrjocht as se minimaal 3 moanne yn tsjinst binne.

 

[readspeaker_widget]
Kliïntynformaasje
Ferwizers
Oer ús
3mfy4sdxun3n44w6p9jmknmkq3gg666adsgzpkadkp4qsmjqpj9awpibioqs8533ruyq5gm62z67fhpvny4gmj7tkinp9h69jxw