Hat each foar jo wenplêzier

Cornelia Hoeve

Midden yn it Fryske lânskip sjogge jo de moaie pleats stean dy’t in thús biedt oan tolve bewenners mei demintsy of in fergelykber syktebyld. De Cornelia Hoeve yn Eastergea is in noflik en feilich plak om te wenjen as it thús net mear slagget. As jo de pleats yn komme rinne jo al gau rjochting it hert fan it pân. Troch de ljochtstrjitte op it dak is dit in grutte ljochte romte. Behalve dat alle apparteminten hjiroan grinzje, wurde der ek geregeld aktiviteiten holden. Yn de wenkeamer oan ’e foarkant fan it pân moetsje de bewenners elkoar. Lekker op ’e bank of yn ’e stoel mei it útsicht oer it lân. Oan ’e yttafel wurdt as dat mooglik is mei-inoar iten.

Wenjen en wolwêze bewenner liedend

Eigen rezjy is hiel wichtich by lytsskalich wenjen. Wy gean út fan wat immen sels dwaan kin en wêr’t de famylje ûndersteune kin. Hat de famylje altyd in rol spile yn in bepaald ûnderdiel yn it libben fan in bewenner? Binnen Cornelia Hoeve bliuwe wy dat trochsetten om de bewenner safolle mooglik in gefoel fan thús te jaan. Wy fine it fan grut belang om de rituelen en wearden fan bewenners te kennen. Dêrtroch kinne sy de foarkarren en ferletten fan immen better begripe. Cornelia Hoeve is de wenomjouwing fan de bewenner en dêrom is wenjen en wolwêzen liedend. De soarch is ûndersteunend. As it mooglik is bepaalt de bewenner in eigen ynfolling fan ’e dei dêr’t wy helpe struktuer yn oan te bringen. Dat jout rêst troch de dei. Der wurde wol mooglikheden oanbean lykas kofjedrinken, wask opteare, túnkje of kuierje. Ek wurde der geregeld aktiviteiten organisearre mei bygelyks muzyk. Om nei te harkjen of te sjen, of sels mei te dwaan.

Hearlik wenje

De Cornelia Hoeve hat in noflike húslike sfear. Elke bewenner hat in eigen appartemint mei badkeamer yn it efterste part fan ’e pleats. It romme útsicht oan ’e efterkant fan ’e pleats is bysûnder moai. Hjir kinst kilometers fier sjen oer it lân. Yn ’e tún om ’e pleats hinne hawwe bewenners de gelegenheid om lekker bûten te wêzen en eventueel aktyf te genietsjen fan de tún. Elk appartemint hat in wen-sliepkeamer mei in eigen badkeamer. De wenning mei ynrjochte wurde mei persoanlike spullen fan de bewenner. Oer it algemien bringe de bewenners in soad tiid troch yn de mienskiplike wenkeamer, mar as se dat wolle kinne se har weromlûke yn harren eigen appartemint.

Wichtige rol foar famylje en frijwilligers

Famyljeleden en frijwilligers hearre by it deistich libben binnen de Cornelia Hoeve. Sy ûndersteune by it iten, begeliede útstapkes en komme geregeld lâns om bygelyks mei-inoar te kuierjen, te lêzen of in kopke kofje te drinken. Mei-inoar soargje wy foar in optimaal wolwêzen fan de bewenners.

Wannear kin immen yn de Cornelia Hoeve komme te wenjen?

As immen de feilichheid nedich hat fan 24 oeren deis soarch en kontakt as gefolch fan demintsy of in fergelykber syktebyld, dan kinne wy in feilich thús biede. Cornelia Hoeve is in waarme thúshaven dêr’t wy sjogge nei de mooglikheden en bewenners de romte biede om safolle mooglik harsels te wêzen.

Hoe’t wy wurkje

Wy leauwe dat as wy de bewenner echt kennen leare en romte jouwe om neffens eigen gebrûken en wearden te libjen, dit in posityf effekt hat op it wolwêzen. Wy kinne beheiningen en problemen net altyd fuortnimme, mar troch it oanpassen fan de omjouwing en begjegening ûnderfine de bewenners mear eigen rezjy. Wy wurkje yntinsyf gear mei de spesjalist âlderengenêskunde en dêr’t dat nedich is mei de fysioterapeut, ergoterapeut, psycholooch en oare spesjalisten.

Wat moat ik regelje?

Ferpleechkundige Sandra Meesters-Hoogkamp is it oansprekpunt foar ús lytsskalige wenfoarmen. Wolle jo jo belangstelling kenber meitsje, dan kinne jo kontakt mei har opnimme, fia: s.meesters@hofenhiem.nl. Sandra Meesters-Hoogkamp is ek telefoanysk te berikken fia de resepsje fan Suderigge: 0514 – 72 92 00. Sy besprekt mei jo oft Cornelia Hoeve in geskikt plak is foar de situaasje fan jo neiste of dat in oare lytsskalich wenjenlokaasje, lykas De Werf, Us Hôf of Us Hiem miskien better oanslút. Sandra kin jo ek mear fertelle oer eventuele wachtlisten. Wy stelle altyd foar om jo rûn te lieden tegearre mei jo neiste(n). It is foar elke belutsene en seker foar takomstige bewenner fijn om alfêst de noflike sfear te fielen en te sjen oft dit oanslút by him of har. Ut ûnderfining witte wy ek dat it helpend wêze kin om de takomstige bewenner mei te nimmen yn de oansteande ferhuzing. As der in appartemint frijkomt, nimme wy kontakt mei jo op. Jo of de casemanager demintsy kinne dan in oanfraach dwaan foar in ‘Beslút ta opname en ferbliuw’ (artikel 21) by it CIZ. Dizze oanfraach kin maksimaal acht wiken foar de ferhuzing dien wurde.

 

[readspeaker_widget]
3mfy4sdxun3n44w6p9jmknmkq3gg666adsgzpkadkp4qsmjqpj9awpibioqs8533ruyq5gm62z67fhpvny4gmj7tkinp9h69jxw