Hat each foar jo wenplêzier

Talma Hiem

Fuortby it sintrum fan Balk stiet wensoarchsintrum Talma Hiem. As jo it terrein oprinnen komme, sjogge jo de moaie tún mei in foliêre. Libben! Dit fernimme jo ek as jo it wensoarchsintrum yn rinne: in kleurrike ûntfangst. Ek sjogge jo oan jo rjochterkant in sitsje. Dit is ít plak dêr’t jo as bewenner gesellich ferhalen útwikselje kinne. Oare bewenners kinne jo ek treffe yn it restaurant en yn it brún kafee.

Oan ’e efterkant fan it wensoarchsintrum is in beleeftún. Jo kinne dêr genietsje fan geurjende en kleurrike planten, fûgels en skarreljende hintsjes. Meiwurkers besteegje in soad oandacht oan de oanklaaiïng binnen Talma Hiem. Yn de romten en gongen fan Talma Hiem wurde jo fuortdaliks meinommen yn de tiid fan it jier of de oansteande feestdagen as dy der binne.

Ut Talma Hiem wei is de supermerk goed berikber. Ek de bosk, it park en de rivier De Luts binne, al as net mei help fan jo famylje, op rinôfstân. In kuier yn ’e buert stiet yn waarmere perioaden fan it jeir ek op de aktiviteitekalinder fan Talma Hiem.

Thús fiele

Thús fiele is in wichtich aspekt binnen Talma Hiem. Wy wurkje graach gear mei jo neisten om derfoar te soargjen dat jo it nei ’t sin hawwe. It wensoarchsintrum hat 72 apparteminten. Jo kinne jo wenning nei eigen winsk en smaak ynrjochtsje. Alle apparteminten hawwe in wen- en sliepkeamer, keuken en badkeamer mei wasktafel, dûs en wc. De grutte seal op ’e ûnderferdjipping is it plak dêr’t alle dagen it iten fersoarge wurdt en dêr’t jo oare bewenners treffe kinne.

Iten út eigen keuken.

Alle dagen siedt de keukenbrigade in lekker en sûn miel út de eigen keuken fan Talma Hiem. Dit waarme miel meitsje sy klear mei leafde foar jo as bewenner fan Talma Hiem of ynwenner fan Balk en omkriten. Mear ynformaasje oer de waarmmielservice fan Hôf en Hiem fine jo hjir: waarmmielservice.

Aktiviteiten

Jo sille fernimme dat der yn Talma Hiem altyd wol wat te dwaan is. As jo it leuk fine kinne jo meidwaan oan ien fan de mannich aktiviteiten. It wiidweidige aktiviteiteoanbod wurdt gearstald op grûn fan jo winsken en ferlet. Binne jo graach yn beweging? Sjonge jo leaver? Of binne jo graach kreatyf? It makket net út hokker aktiviteiten jo kieze en hoefolle. It is in noflike wize om aktyf te bliuwen en om oaren te treffen. Ek as jo allinnich sin hawwe oan in kopke kofje, binne jo wolkom om oan te skowen.

Fasiliteiten

As jo dat net wolle, hoege jo de doar net út. Omdat Talma Hiem suver alles yn ’e hûs hat, is it hiel noflik wenjen. Dit fine jo allegear yn Talma Hiem:

  • kapsalon
  • pedikuere
  • winkeltsje
  • senioarerestaurant mei eigen keuken
  • brún kafee
  • fitness
  • fysioterapie
  • útfeartsintrum

Oanleunwenningen Talma Hiem

Wenje fuortby Talma Hiem kin ek al hiel noflik wêze. Hjirtroch binne de fasiliteiten, soarch en ûndersteuning tichtby as jo dat nedich hawwe. Tichtby Talma Hiem fine jo appartemintekompleks De Skou en wenningen oan Talma Park. Fanút de Skou is Talma Hiem (oerdekt) te berikken om’t de gebouwen oaninoar ferbûn binne. Wenje jo op Talma Park? Dan folgje jo sa it paadsje nei Talma Hiem. Hjirtroch binne jo as bewenner fan oanleunweningen yn in mum fan tiid yn it wensoarchsintrum. It is, binnen bepaalde omstannichheden, sels mooglik om yn dizze wenningen de soarch te ûntfangen dy’t jo ek yn it wensoarchsintrum krije soene. Besjoch de mooglikheden fan it Folslein Pakket Thús fan Hôf en Hiem Thússoarch. De wenningen yn De Skou wurde ferhier troch wenningkorporaasje Dynhus. Talma Park hat 21 keapwenningen en 8 hierwenningen.

[readspeaker_widget]
3mfy4sdxun3n44w6p9jmknmkq3gg666adsgzpkadkp4qsmjqpj9awpibioqs8533ruyq5gm62z67fhpvny4gmj7tkinp9h69jxw