Hat each foar jo wenplêzier

Ús Hiem

Yn lytsskalich wenjen Ús Hiem, grinzjend oan wensoarchsintrum Doniahiem, wenje sân âlderen mei demintsy of in fergelykber syktebyld. By moai waar sjogge jo al fan fierren de bewenners genietsjen fan de belibbingstún. Lekker ûnder de parasol op it terras of by de bûtenfitnessapparaten. Elke bewenner hat syn of har eigen appartemint. Elk appartemint hat in wenkeamer, keukenblok, sliepkeamer en badkeamer. Mar in soad fan it deistich libben spilet him ôf yn de mienskiplike húskeamer en keuken. Dat is it plak dêr’t de minsken byinoar komme om kofje te drinken, te iten, in aktiviteit te dwaan of gewoan lekker te sitten.

Wenjen en wolwêzen bewenner liedend

Eigen rezjy is hiel wichtich by lytsskalich wenjen. Wy gean út fan wat immen sels dwaan kin en wêr’t de famylje ûndersteune kin. Hat de famylje altyd in rol spile yn in bepaald ûnderdiel yn it libben fan in bewenner? Binnen Ús Hiem sette wy dat troch om de bewenner safolle mooglik in gefoel fan thús te jaan. Wy fine it fan grut belang om de rituelen en wearden fan bewenners te kennen. Dêrtroch kinne wy de foarkarren en it ferlet fan immen better begripe. Ús Hiem is de wenomjouwing fan de bewenner en dêrom is wenjen en wolwêzen liedend. De soarch is ûndersteunend. As dat mooglik is bepaalt de bewenner in eigen ynfolling fan ’e dei dêr’t wy helpe struktuer yn oan te bringen. Dat jout rêst troch de dei hinne.

Folop aktiviteiten

Nei ferlet wurde der geregeld aktiviteiten dien, mienskiplik of yndividueel. Muzyk spilet in wichtige rol binnen Ús Hiem. Der wurdt in soad muzyk ôfspile fan eartiids, dy is werkenber foar de bewenners en se sjonge dan ek entûsjast mei. Ek komt der geregeld in akkordeonist lâns om ferskes hearre te litten. Fierder wurdt de Tovertafel faak brûkt. Dit is in boartlike soarchynnovaasje dy’t âlderen mei demintsy mei elkoar en harren omjouwing ferbynt en beweging stimulearret. Ek wurde der spullen spile dêr’t ûnderwerpen fan eartiids by weromkomme yn ’e foarm fan foto’s, objekten, geuren en muzyk. Dit bringt in soad oantinkens werom en dêrtroch ferhalen nei boppen. En no en dan in spul om te bewegen, in kreative aktiviteit en fansels in soad tafelpetearen ûnder it genot fan kin kopke kofje of tee.

Wichtige rol foar famylje en frijwilligers

Neist de wenbegelieders en de sân bewenners binne der ek geregeld famyljeleden of frijwilligers oer de flier yn Ús Hiem. Dit soarget foar in gesellige en dynamyske sfear. Famyljeleden komme op besite, drinke in kopke kofje of meitsje in kuier mei de bewenners.

Wannear kin immen yn lytsskalich wenjen Ús Hiem komme te wenjen?

As immen de feiligens nedich hat fan 24 oeren deis soarch en kontakt as gefolch fan demintsy of in fergelykber syktebyld, dan kinne wy in feilich thús biede. Lytsskalich wenjen Ús Hiem is in waarme thúshaven dêr’t wy sjogge nei de mooglikheden en bewenners de romte biede om safolle mooglik harsels te wêzen.

Hoe’t wy wurkje

Wy leauwe dat as wy de bewenner echt kennen leare en romte jouwe om neffens eigen gebrûken en wearden te libjen, dit in posityf effekt hat op it wolwêzen. Wy kinne beheiningen en problemen net altyd fuortnimme, mar troch it oanpassen fan de omjouwing en bejegening ûnderfine de bewenners mear eigen rezjy. Wy wurkje yntinsyf gear mei de spesjalist âlderengenêskunde en dêr’t dat nedich is mei de fysioterapeut, ergoterapeut, psycholooch en oare spesjalisten.

Wat moat ik regelje?

Wolle jo jo belangstelling kenber meitsje, dan kinne jo kontakt opnimme mei de resepsje fan Doniahiem fia: 0513 – 43 15 55. Sy kinne jo trochferbine mei ferpleechkundige Liang Cheng. De ferpleechkundige besprekt mei jo oft Ús Hiem in geskikt plak is foar de situaasje fan jo neiste of dat in oare lytsskalich wenjen lokaasje sa as Cornelia Hoeve, De Werf of Ús Hôf miskien better oanslút. Ek kin hy jo mear fertelle oer eventuele wachtlisten. Wy stelle altyd foar om jo rûn te lieden tegearre mei jo neiste(n). It is foar elke belutsene en hielendal foar de takomstige bewenner fijn om alfêst de noflike sfear te ûndergean en te sjen oft dit oanslút by him of har. Ut ûnderfining witte wy ek dat it helpend wêze kin om de takomstige bewenner mei te nimmen yn de oansteande ferhuzing. As der in appartemint frijkomt nimme wy kontakt mei jo op. Jo of de casemanger demintsy kin dan in oanfraach dwaan foar in ‘Beslút ta opname fan en ferbliuw’ (artikel 21) by it CIZ. Dizze oanfraach kin maksimaal acht wiken foar de ferhuzing dien wurde.

 

 

[readspeaker_widget]
3mfy4sdxun3n44w6p9jmknmkq3gg666adsgzpkadkp4qsmjqpj9awpibioqs8533ruyq5gm62z67fhpvny4gmj7tkinp9h69jxw