Hat each foar jo wenplêzier

Ús Hôf

De yngong fan lytsskalich wenjen Ús Hôf grinzet oan de grutte binnentún fan wensoarchsintrum Vegelin State. Ús Hôf hat twa wenningen mei elk seis bewenners mei demintsy of in fergelykber syktebyld. As jo ien fan de beide wenningen yn komme, dan fiele jo fuortdaliks de waarme en húslike sfear. Lytsskalich wenjen Ús Hôf is net hiel grut mar de brede en ljochte gongen jouwe in romtlik gefoel. Elke bewenner hat in eigen appartemint mei wen/sliepkeamer, dûs en wc. Yn ’e húskeamer sille jo nei alle gedachten de bewenners treffe om’t dit it sintrale plak is dêr’t ûntspannen en en iten wurdt. Ekstra noflik is de grutte tún fan de wenningen. Dêr kinne bewenners en famyljeleden noflik mei-inoar genietsje fan it bûtenlibben.

Wenjen en wolwêzen bewenner liedend

Eigen rezjy is hiel wichtich by lytsskalich wenjen. Wy gean út fan wat immen sels dwaan kin en wêr’t de famylje ûndersteune kin. Hat de famylje altyd in rol spile yn in bepaald ûnderdiel yn it libben fan in bewenner? Binnen Ús Hôf sette wy dat troch om de bewenner safolle mooglik in gefoel fan thús te jaan. Wy fine it fan grut belang om de rituelen en wearden fan bewenners te kennen. Dêrtroch kinne wy de foarkarren en it ferlet fan immen better begripe. Ús Hôf is de wenomjouwing fan de bewenner en dêrom is wenjen en wolwêzen liedend. De soarch is ûndersteunend. As dat mooglik is bepaalt de bewenner in eigen ynfolling fan ’e dei dêr’t wy helpe struktuer yn oan te bringen. Dat jout rêst troch de dei hinne.

Folop aktiviteiten

De aktiviteiten dy’t wy yn de wenningen organisearje binne ûnder mear spultsjes dwaan, skilderje, sjonge, foarlêze, tv sjen en muzyk harkje. Groepsaktiviteiten bûten de wenningen binne gymnastyk op muzyk, fitness, konserten bywenjen, hantwurkje, jeu de boules en kampearje. Ek kinne bewenners gebrûk meitsje fan it aktiviteiteprogramma fan wensoarchsintrum Vegelin State. By yndividuele aktiviteiten kinne jo ûnder mear tinke oan boadskippen dwaan, kuierje en fytse op de duofyts.

Wichtige rol foar famylje en frijwilligers

Der komme geregeld famyljeleden of frijwilligers oer de flier yn Ús Hôf. Dit soarget foar in gesellige en dynamyske sfear. Famyljeleden komme op besite, drinke in kopke kofje of binne oangenaam selskip yn de mienskiplike húskeamer. In hearliker kuier yn ’e bûtenloft wurdt ek in soad dien.

Wannear kin immen yn lytsskalich wenjen Ús Hôf komme te wenjen?

As immen de feiligens nedich hat fan 24 oeren deis soarch en kontakt as gefolch fan demintsy of in fergelykber syktebyld, dan kinne wy in feilich thús biede. Lytsskalich wenjen Ús Hôf is in waarme thúshaven dêr’t wy sjogge nei de mooglikheden en bewenners de romte biede om safolle mooglik harsels te wêzen.

Hoe’t wy wurkje

Wy leauwe dat as wy de bewenner echt kennen leare en romte jouwe om neffens eigen gebrûken en wearden te libjen, dit in posityf effekt hat op it wolwêzen. Wy kinne beheiningen en problemen net altyd fuortnimme, mar troch it oanpassen fan de omjouwing en bejegening ûnderfine de bewenners mear eigen rezjy. Wy wurkje yntinsyf gear mei de spesjalist âlderengenêskunde en dêr’t dat nedich is mei de fysioterapeut, ergoterapeut, psycholooch en oare spesjalisten.

Wat moat ik regelje?

Wolle jo jo belangstelling kenber meitsje, dan kinne jo kontakt opnimme mei Sandra Meesters-Hoogkamp, ferpleechkundige. Jo kinne har in mail stjoere fia: s.meesters@hofenhiem.nl. Sandra Meesters-Hoogkamp is ek telefoanysk te berikken fia de resepsje fan Vegelin State: 0513 – 41 25 69. Sy besprekt mei jo oft Ús Hôf in geskikt plak is foar de situaasje fan jo neiste of dat in oare lytsskalich wenjenlokaasje, lykas Cornelia Hoeve, De Werf, of Ús Hiem miskien better oanslút. Sandra kin jo ek mear fertelle oer eventuele wachtlisten. Wy stelle altyd foar om jo rûn te lieden tegearre mei jo neiste(n). It is foar elke belutsene en seker foar takomstige bewenner fijn om alfêst de noflike sfear te fielen en te sjen oft dit oanslút by him of har. Ut ûnderfining witte wy ek dat it helpend wêze kin om de takomstige bewenner mei te nimmen yn de oansteande ferhuzing. As der in appartemint frijkomt, nimme wy kontakt mei jo op. Jo of de casemanager demintsy kinne dan in oanfraach dwaan foar in ‘Beslút ta opname en ferbliuw’ (artikel 21) by it CIZ. Dizze oanfraach kin maksimaal acht wiken foar de ferhuzing dien wurde.

 

[readspeaker_widget]
3mfy4sdxun3n44w6p9jmknmkq3gg666adsgzpkadkp4qsmjqpj9awpibioqs8533ruyq5gm62z67fhpvny4gmj7tkinp9h69jxw