Heeft oog voor u

Stifting Freonen fan Hôf en Hiem

Uteraard binne kliïnten fan Soarchgroep Hôf en Hiem fersekere fan goede soarch. Stifting Freonen fan Hôf en Hiem soarget foar in moai ekstraatsje. Mei de donaasjes en jeften út de stifting wurde ekstra útstapkes en aktiviteiten finansiere. Kliïnten belibje hjirtroch spesjale reiskes of kinne gebrûk meitsje fan in foarsjenning yn it wensoarchsintrum.

Tovertafels tanksij de stifting

In moai foarbyld fan de mearwearde fan de donaasjes en jeften binne de Tovertafels op alle wensoarchlokaasjes fan Hôf en Hiem. In tool dêr’t âlderen mei demintsy stimulearre wurde ta ynteraksje. Us kliïnten hawwe der geweldich folle baat by. Troch de bydragen fan Stifting Freonen fan Hôf en Hiem koe dit mooglik makke wurde.

Jeften kinne ôflutsen wurde

De stifting is registrearre as algemien nut beëagjende ynstelling (ANBI). Stiftingen mei in ANBI-status binne frijsteld fan skink- en erfbelesting. Donateurs fan in ANBI meie harren jeften ôflûke fan de ynkosten- of fennoatskipsbelesting. Foar eksakte ynformaasje hjiroer ferwize wy jo graach troch nei de Belestingtsjinst.

Hjirûnder fine jo de gegevens dy’t fan belang binne foar de ANBI-status fan Stifting Freonen fan Hôf en Hiem

RSIN
804373450

KvK
41005304

Kontaktgegevens
Stifting Freonen fan Hôf en Hiem

Postadres:
Postbus 244
8500 AE De Jouwer

Besykadres:
De Oergong 2
8521 GA  Sint Nyk

IBAN
NL98 RABO 0337 0035 48

Doelstelling

De stifting hat as doel it krijen en behearen fan fermogensbestândielen en it yn jildlike sin ûndersteunen fan de aktiviteiten fan de Stifting Soarchgroep Hôf en Hiem en de Stifting Oanleunwenningen Hôf en Hiem en al itjinge mei ien en oar streekrjocht of sidelings ferbân hâldt of dêrta befoarderlik wêze kin, alles yn de romste sin fan it wurd. Yn de praktyk fertaalt dizze doelstelling him yn it dwaan fan jeften en donaasjes foar de wensoarchsintra fan Stifting Soarchgroep Hôf en Hiem. De wensoarchsintra kinne mei help fan dizze jeften en donaazjes ekstra fasiliteiten finansiere en/of oanfoljende, wolwêzensferheegjende, aktiviteiten organisearje. Dit foar ús yn- en ekstramurale kliïnten.

Beleaningsbelied

It bestjoer fan Stifting Freonen fan Hôf en Hiem krijt gjin beleaning foar de wurksumheden.

Bestjoer

It bestjoer fan Stifting Freonen fan Hôf en Hiem bestiet út de hear drs. J. Van Arnhem MBA (foarsitter) en de hear drs. A. Brouwer (sekretaris/ponghâlder).

Op grûn fan de statuten hat it bestjoer mienskiplik foech. It bestjoer leit ferantwurding ôf oan de Ried fan Tafersjoch fan Soarchgroep Hôf en Hiem.

Beliedsplan

Beliedsplan Stifting Freonen fan Hôf en Hiem 2023-2026

Aktiviteiten

2015: jeften ferstrekt foar wensoarchsintra Soarchgroep Hôf en Hiem ad € 20.000.
2016: gjin aktiviteiten.
2017: jeften ferstrekt foar wensoarchsintra Soarchgroep Hôf en Hiem ad € 40.500.
2018: jeften ferstrekt foar wensoarchsintra Soarchgroep Hôf en Hiem ad € 15.510.
2019: jeften ferstrekt foar wensoarchsintra Soarchgroep Hôf en Hiem ad. € 1.435.
2020: jeften ferstrekt foar wensoarchsintra Soarchgroep Hôf en Hiem ad. € 10.438.
2021: jeften ferstrekt foar wensoarchsintra Soarchgroep Hôf en Hiem ad. € 3.050,-.
2022: jeften ferstrekt foar wensoarchsintra Soarchgroep Hôf en Hiem ad. € 1.500,-.

Finansjele ferantwurding

Stifting Freonen fan Hôf en Hiem jierrekkening 2022

[readspeaker_widget]
3mfy4sdxun3n44w6p9jmknmkq3gg666adsgzpkadkp4qsmjqpj9awpibioqs8533ruyq5gm62z67fhpvny4gmj7tkinp9h69jxw